Frysk
De Noordelijke Rekenkamer is mei yngong fan 2005 de mienskiplike rekkenkeamer fan de provinsjes Drinte, Fryslân en Grinslân. De wetlike taak is om ûndersyk te dwaan nei de effisjinsje, effektiviteit en rjochtmjittigens fan it bestjoer dat troch dy provinsjes fierd wurdt.
De rekkenkeamer beslist sels hokker ûnderwerpen oft sy ûndersykje sil. De útkomsten fan ûndersyk wurde publisearre yn in iepenbier rapport en oanbean oan Provinsjale Steaten fan de ûndersochte provinsje(s). Ommers, de rekkenkeamer hat ta doel om de Steaten yn harren ramtstellende en kontrolearjende rol te stypjen. De Rekenkamer wol in bydrage leverje oan it iepenbier bestjoer, troch heechweardige ûndersyksrapporten dy't it learend effekt as ynfalshoeke hawwe en troch kennisútwikseling.
De organisaasje fan de Rekenkamer bestiet út in Kolleezje en in buro. It Kolleezje is foar seis jier beneamd en bestiet út Anneke Beukers (foarsitter), Jan van der Bij en Marko Bos. Direkteur van it buro en sekretaris van het Kolleezje is dr. Linze Schaap. By it buro wurkje op it stuit sân ûndersikers en in office manager.
De wurkwize fan de Noordelijke Rekenkamer is fêstlein yn in ûndersyksprotokol. Dêrtroch is it foar eltsenien dúdlik op hokker stuit en mei wa't de Rekenkamer kommunisearret oer it wurk.
Hawwe jo fragen oer dy ûnderwerpen of hawwe jo sels in suggestje foar in ûnderwerp dêr't de rekkenkeamer ûndersyk nei dwaan kinne soe, nim dan kontakt mei ús op. Wy binne te berikken ûnder telefoannûmer 0592 30 47 90 en mei in e-mail.